Nei it Mystearje

Willem Tjerkstra
22,95
Op voorraad
SKU
9789464628197
Bindwijze: Paperback
Levertijd 1-2 werkdagen Verzendkosten € 2,95
  • Gratis verzending vanaf €50,-
  • Veilige en makkelijke betaalopties
  • Aangesloten bij Thuiswinkel Waarborg
  • Makkelijk bestellen ook zonder account
Afbeelding vergroten
Productomschrijving
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy’t troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er oan it fersyk fan Bouke Blomhof foldien. De fraach is oft er it mystearje fan it libben ek ûntdekt hat. Hy is yn elk gefal ta ûntdekking kommen dat de minske libbet tusken de skimmels ûnder syn fuotstappen en de stjerren boppe syn eachopslach. De namme fan it lêste boek hie likegoed wêze kinnen Tusken Skimmels en Stjerren. Dêrtusken giet alles troch, ek nei it mystearje oan de ein fan In Fryske Odyssee.
Meer informatie
Auteur(s)Willem Tjerkstra
ISBN9789464628197
BindwijzePaperback
Aantal pagina's366
Publicatie datum20220715
Breedte151 mm
Hoogte232 mm
Dikte34 mm
Back to top