Van een Glorieuze Toekomst

Willem Tjerkstra
22,95
Op voorraad
SKU
9789464249880
Bindwijze: Paperback
Levertijd 1-2 werkdagen Verzendkosten € 2,95
  • Gratis verzending vanaf €50,-
  • Veilige en makkelijke betaalopties
  • Aangesloten bij Thuiswinkel Waarborg
  • Makkelijk bestellen ook zonder account
Afbeelding vergroten
Productomschrijving
Van een glorieuze toekomst is it ienentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. In Van een glorieuze toekomst wurdt it libben en de ferkundiging beskreaun fan Mirzá Husayn ’Ali, lieder fan de Bahá’ís, in religieuze streaming dy’t har oarsprong hat yn Perzië. Hy waard beskôge as in manifestaasje fan Allah, in profeet mei de namme Bahá’u’lláh, ôfkoarte as Bahá (Gloarje fan God). Mei syn folgelingen reizge hy as balling fan Teheran fia Bagdad, Constantinopel, Adrianopel nei Akko yn Palestina. Hy ferkundige de ienheid ûnder de minsken, folken en godstsjinsten en kin as sadanich sjoen wurde as foarrinder fan de oekumene yn de betsjutting fan de hiele minskewrâld yn ien ferbûn. Op ’e omslach is it religieuze sintrum fan de Bahá’ís yn Haifa ôfbylde.
Meer informatie
Auteur(s)Willem Tjerkstra
ISBN9789464249880
BindwijzePaperback
Aantal pagina's470
Publicatie datum20220124
Breedte159 mm
Hoogte245 mm
Dikte45 mm
Back to top